Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Ofslútdyk gjin beskerme monumint

Wommels, Freed 20 Novimber 2009, 14:06 oere
Den Haag- Minister Plasterk fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip hat besluten om de Ofslútdyk net oan te wizen as beskerme monumint. Stifting Ofslútdyk hie hjirfoar yn maart 2008 in fersyk ta yntsjinne. De minister is ta dit beslút kaam, nei it ynwinnen fan advys by de belutsen gemeenten en provinsjes.


De gemeenten Wieringen en Wûnseradiel ha negatyf reagearre op it foarstel. De Ofslútdyk is genôch beskerme en at it in beskerme monumint wurdt, dan stiet dat de troch ûntwikkeling fan de Ofslútdyk yn’t paad. Derneist ha ek oare belanghawwende oanjûn tsjin it foarnimmen te wêzen.

Mar de Rie fan Kultuer hat wol in posityf advys jûn om’t bysûndere karakter fan de Ofslútdyk. It ministerie hecht in grut belang oan it advys fan legere oerheden. Derom hat de minister ôfwykt fan it advys fan de Rie fan Kultuer.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt