Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Offisjele iepening útwreiding Tysker Easterwierrum

Wommels, Sneon 01 Maaie 2010, 18:38 oere
Easterwierrum- Op 29 april is de oan- en ferbou fan multyfunksjoneel sintrum "de Tysker" yn Easterwierrum offisjeel yn gebrûk nommen. Easterwierrum (Hynstetyskers) hat wat mei hynders. Dêrom brochten trije amazônes yn wedstriidtenu in Gouden Toer nei "de Tysker".


Foarsitter fan Doarpsbelang Anneke Monsma oerlange de priis oan de bouploech as wurdearring foar alle wurk dat hja, mei in hiele protte frijwilligers, fersetten ha. Troch selswurksumheid, fûnsen en foaral de meiwurking fan boubedriuw Bootsma en ynstallaasjebedriuw Van der Meer koe dit projekt realisearre wurde. Korps, koar en toaniel ha no in bettere akoestyk, der is in flinke opslachromte bykommen en de keuken is fergrutte. Jûns wie der feest foar alle frijwilligers.

Foto f.l.n.r.: de amazônes Hiske Gietema, Daniëlle Koster en Wietske Hettinga; fan de bouploech: Hedzer van der Meer, Julius Galama, Rintsje de Boer en Theo Visser (Jo-Albert Kooistra ûntbrekt) en foarsitter Anneke Monsma.

Foto amazônes: f.l.n.r.: Daniëlle Koster, Hiske Gietema en Wietske Hettinga


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt