Oche noWa’t it net oanhjeare wol giet mar nei hús! (Kollum fan Jan Hibma)
Wommels, Woansdei 23 Septimber 2009, 23:54 oereHollânske hits, smartlappen, shanty’s, libbenslieten en jankvodden. It binne wurden dy’t us allegjeare bekend yn ‘e earen klinke. Alline dizze wurden al, roppe ferskate reaksjes op by de minsken.
De ien wriuwt sich yn ‘e hânnen en begjint gnyskjend te skombekjen, wylst de oar nei it húske fleant om de opkommende misselikheid net yn it iepenbier tot kwarjen komme te litten…
It blykt mar wer ris dat de miening fan de minsk net kollektief dield wurdt, sa ek net oer dizze musyk.
Oan de iene kant mar goed, want we wolle ek wolris de snerpjende gitaren fan hurde rock hjeare, ús yn Australyske sferen wane my de didgerydoo, of de skotse rok oanlûke om te dûnsjen op doedelsekmusyk.
Mar oan de oare kant mei de ynteresse best wol wat grutter foar de meast geselliche en sfeerfolste musyk fan eichen lân. Der wurdt oar it algemien toch wat op delsjoen, wylst dat ûnterjochte is. De ‘meisjongers’ (de meast algemiene benamming), bestean faaks út in follesizzende tekst mei in ritmische melody. De teksten, sawol trietlik as fleurich, soarchje derfoar dat der út folle boarst meisongen wurdt. Mar om tot san hichtepunt ( djiptepunt foar oaren), te kommen is der toch seker wol in boaiem noadich fan inkele of siz mar meardere alkoholhâldende konsumpsjes. En ast it dan ien keer tyd is foar de ‘hollandse hits’, wurdt der net minder om dronken. Der wurdt in giesel oan ‘e bel jûn en de tabak makket plak foar de sigaar. De gokkast wurdt op pause setten en de droeche woarst wurdt oan ‘e kant lein; ‘foar aanstens, ha ik dan ek noch wat’, lûdt it ekskús. Mar elts ekskús is terjochte wannear’t de fertrouwde klanken fan it libbensliet troch de boksen galmje. Der moat songen wurde. En wa’t de teksten net faak genôch hjeard of oefene hat en sich dochs hjeare litte wol, fersjocht it liet wol mei in grut lalala-gehalte.
Sa wurde faak de lêste oerkes fan in kroegjûntsje trochbrocht; fol wille en gesellicheid. Twa yngrediënten dy toch seker tige wichtig binne. En wa’t it net oanhjeare wol giet mar nei hús!
| In bydrage fan: Jan Hibma | Diel dit artikel: |
![]() |




















