Oanriding op krusing Westergoawei
Hilaard, Sneon 06 Augustus 2011, 21:25 oereOp de krusing fan de Westergoawei ter hichte fan Hilaard binne sneontemiddei twa persoane-auto’s op elkoar botst. Ien fan de auto’s soe de provinsjale dyk oerstekke er seach derby de oare auto út de rjochting fan Ljouwert oer de holle. De auto’s koene elkoar net mear űntwike mei in oanriding ta gefolch.
De auto dy’t oerstekke soe kaam ta stilstân tsjin in ferkearsboerd. De bestjoerster kaam mei de skrik frij. Yn de oare auto sieten in man en in frou. De frou hie nekkeklachten en is troch ambulânse personiel űndersocht mar hoegde net nei’t sikehűs ta. Harren auto hie lichte skea oan de sydkant en sy koene dan ek harren reis ferfolgje.
![]() |
| Net te beroerd om de plysje te helpen (foto: Michel Stienstra) |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |





















