Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Oanriding op gefaarlike krusing by Wommels

Wommels, Tongersdei 26 Jannewaris 2012, 12:18 oere
Tongersdeitemoarn hat der in oanriding plak fûn op de krusing van de Westergoawei by Wommels. It giet om de krusing wêr’t regelmjittich oanridingen plakfine. Hjoed rûn it allegear “goed” ôf. Gjin ferwûnen mar wol protte skea.

Faaks is it in foarrangskwestje. Sa ek hjoed. In buske soe fanút rjochting Wommels de provinsjaledyk oerstekke en seach hjirby in auto út de rjochting fan Ljouwert oer de holle. De auto koe in oanriding net mear foarkomme en botste yn ‘e flank fan it buske.

De twa ynsittende fan de auto binne ûndersocht troch ambulânse-meiwurkers mar kamen mei de skrik frij. Ek de bestjoerder fan it buske rekke net ferwûne.


Gerelateerde artikelen
Krusing Westergoawei by Wommels ûnfeilich


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt