Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Njonken cd ek dvd 'WetterKâld'

Ljouwert, Moandei 14 Novimber 2011, 15:41 oere
De cd ‘WetterKâld’ fan de Fryske popmuzikante Reina Rodina ferskynt op tongersdei 17 novimber, en wurdt presintearre mei in konsert yn Poppodium Romein yn Ljouwert. It album sil op dy dei foar it earst te keap węze, yn it poppoadium mar ek lâns de webside fan de artyste, www.reinarodina.nl. Mar der is mear.

Tagelyk mei de cd komt ek de live-dvd út, dy’t sketten is by de simmerkonserten fan 2011, midden op it wetter. Dy sil ek te ferkrijen węze yn Poppodium Romein (foar in hiel lege priis), mar is lykas de cd fansels ek te bestellen op de webside.

De kreative, tige spesjale cd-slúf is meisin makke mei ekstra romte foar de dvd, sadat de cd en dvd mei-inoar bewarre wurde kinne.

De dvd befet it folsleine konsert, draaid op 21, 22 en 23 juny en op 1 en 2 july, de bysűndere hinnereis fol mei Reina’s klanken en de yndrukwekkende natuer fan Fryslân, de weromreis en as bonus noch de offisjele fideoklips foar ‘Fier’ en ‘Boppe Wetter’, nűmers dy't ek op de no al goed űntfongen cd steane.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt