Nije politike partij Littenseradiel
Wommels, Tongersdei 03 Desimber 2009, 01:25 oereWommels- Op 3 maart 2010 fine de gemeenteriedsferkiezingen plak. Yn de gemeente Littenseradiel docht in nije partij mei oan de ferkiezings ûnder de namme SAM. SAM stiet foar in gearwurkingsferbân fan PvdA, GrienLinks, SP en D66. Op tongersdeitemiddei 3 desimber om 15.30 oere leveret de hear Simen Fopma in fersyk yn om registrearre te wurden as de nije politike partij SAM Littenseradiel.
Boargemaster Johanneke Liemburg sil as haad fan it haadstimburo dit fersyk yn ûntfangst nimme.
Politike groeperingen dy’t harren ferkiesber stelle wolle, moatte harren registrearre. In fersyk ta registraasje kin allinnich noch dizze wike yntsjinne wurde by it haadstimburo. By dit fersyk moat de groepering de neikommende dokuminten ynleverje:
-in ôfskrift fan de notariële akte dêr’t de statuten fan de feriening yn opnommen binne;
-in bewiis fan ynskriuwing yn it hannelsregister;
-in bewiis fan stoarting fan in boarchsom;
-ferklearring fan de politike groepering dêr’t in lêsthawwer en in plakferfangende lêsthawwer by oanwiisd wurdt.
Nei it ynleverjen fan in jildige kandidatelist foar de kommende ferkiezings ûntfangt de groepering de boarchsom wer werom.
Politike groeperingen dy’t registrearre binne foar de ferkiezing fan de Twadde Keamer of Provinsjale Steaten en pleatslike politike groeperingen dy’t by de lêste gemeenteriedsferkiezings in jildige kandidatelist ynlevere hawwe, hoege harren net mear te registrearjen.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






