Nije nammen Greidhoek’ festival
Wommels, Tongersdei 25 Augustus 2011, 15:11 oere17 septimber, fan 19:00 ôf is der op it smûke Wommelser swimbadterrein op trije poadia goeie muzyk en poëzij te finen. Neist de haadact Boys Named Sue, dy’t Johnny Cash werlibje litte sil, is no ek in oare tige ynteressante muzikant oan it programma taheakke: Reina Rodina. Dizze ekstravagante sjongeres en multy-ynstrumintalist makket mei har sfearyske show de programmearring kompleet dy’t no út 13 optredens bestiet. Ek de oprop nei nij talint hat fertuten dien: dichters út Boalsert en Grins sille de taal har wurk dwaan litte op it Greidhoek’ festival.
![]() |
Festivalsymboal Bob Ross - dé lânskipsskilder fan de jierren njoggentich – sil de kommende wiken rûnom yn de Greidhoek’ opdûke en oandacht freegje foar dit nije barren. It Greidhoek’ festival fynt yn de neisimmer plak op de betide sneontejûn oant 1 oere nachts, en wurdt mooglik makke troch entûsjaste frijwilligers en stipers. Foar mar € 7,- yntree wurdt der in orizjineel kultureel festival delsetten dat tige geskikt is foar âld en jong. Der is in iepenloft haadpoadium mei licht alternative muzyk, in 70’s-tinte en in Iglo sadat alle besikers wat moais útsykje kinne. Wolle jo dit inisjatyf stypje en twa tagongskaarten tastjoerd krije? Wurd dan ‘Bopper’ op www.greidhoekfestival.nl!
Gerelateerde artikelen
Greidhoek’ Festival siket frou
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |





















