Nijbou Wommels Noardeast fan start
Wommels, Woansdei 12 Maaie 2010, 17:21 oereWommels- Op 1 maart 2010 hat de gemeenteried it bestimmingsplan Wommels Noardeast fêststeld. Dit plan biedt romte oan de bou fan ûngefear 90 wenningen oan de noardeastside fan Wommels op sicht- en rinôfstân fan it natuergebiet Skrok. Mei de earste (noardlike) faze sil yn koarten útein set wurde.
De tydlike boudyk nei it útwreidingsgebiet is dêrfoar al oanlein. Ynteressearden foar frije kavels of projektwenningen kinne harren rjochtsje ta projektûntwikkelder Jorcom-Jansma yn Boalsert.
Yn it útwreidingsplan Wommels Noardeast kinne op in tritichtal kavels frijsteande wenningen boud wurde. De rest fan de kavels sil yn projektfoarm – benammen twa-ûnder-ien-kapwenten – ûntwikkele wurde. In tsiental bouperselen is foar wenningen yn de sosjale hiersfear reservearre, fia wenningkorporaasje Elkien.
It plangebiet is folsein yn eigendom fan en yn eksploitaasje by de v.o.f. Jorcom-Jansma. It is dan ek Jorcom-Jansma dy’t de frij kavels útjout en de wenningen yn de projektsfear ferkeapet.
De foarmjouwing fan de wenningen moat foldwaan oan de wolstânseasken yn it byldkwaliteitplan Wommels Noardeast. It bestimmingsplan en it byldkwaliteitplan binne te besjen op www.littenseradiel.nl. Mar foar ynformaasje oer de boumooglikheden kinne jo fansels ek yn it gemeentehûs terjochte by de ôfdieling Fergunnings en Hanthavenjen.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















