Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Nij werynrjochtingsplan sintrum Wommels

Wommels, Tongersdei 19 Augustus 2010, 18:50 oere
De gemeente Littenseradiel, doarpsbelang Wommels, de ûndernimmersferiening Wommels en buro BügelHajema wurkje sûnt ferline jier oan in werynrjochtingsplan fan de trochgeande diken as oplossing foar de ferkearsproblematyk yn it sintrum fan Wommels.


Ein ferline jier is der in enkête hâlden ûnder alle húshâldens yn Wommels en hat der in ynformaasjejûn west. No lizze der foarstellen foar de werynrjochting fan de wichtichste knipepunten fan Wommels. Dizze plannen wurde op de ynspraakjûn fan woansdei 22 septimber yn It Dielshûs presintearre.

Earder dit jier waarden al konsept-werynrjochtingsplannen presintearre oan de (doetiidske) gemeenteried. Dizze plannen omfetten doe it hiele doarp en nei trochrekkening troch in ûnôfhinklik buro die bliken dat se fier boppe it beskikbere budzjet leinen. Dêrneist joech de gemeenteried oan dat de ynvestearings ek werklike ferbetteringen wêze moasten en net, sa as inkelde riedsleden fan miening wienen, kosmetyske ferbetteringen. Op basis hjirfan binne der prioriteiten steld oan de lokaasjes foar wat de werynrjochting oanbelanget. Ut de ferkearsenkête kaam nei foaren dat de measte urginsje leit by de Terp, ‘t Noard, ‘t Bosk/Jumbo en de Hottingawei.

As algemiene útgongspunten foar de werynrjochting fan de trochgeande diken yn Wommels jilde:
· Duorsum feilich: 30 km/o, rjochts foarrang, dúdlike entrees;
· Shared space; maatwurk per sitewaasje: it dielen fan de romte, ferbliuwsfunksje sintraal, ôftwinge fan sosjaal gedrach troch fysike maatregels;
· Romtlik: besteande kwaliteiten fersterkje, ienheid en ienfâld in materiaal, grien en doarps;
· Funksjoneel: goede begrinzing 30 km-sône, oplossen parkearproblemen.

Boppesteande laat ta ûnder mear de folgjende foarstellen. De kearn fan de ferkearsproblematyk yn Wommels leit op de Terp en ‘t Noard. Foarsteld wurdt om de bocht yn de Terp by de supermerk en de bocht tusken ‘t Noard en Walperterwei te ferflauwen. Dêrneist wurdt de trijesprong foar It Reade Hynder ynrjochte op basis fan it Shared Space prinsipe, dêr’t de ferkearsfunksje by op deselde foet komt te stean mei oare funksjes. Hjirtroch sil de ferantwurdlikens en it respekt fan wjerskanten fan de ferkearsdielnimmers tanimme moatte.

Nei de Terp en ‘t Noard foarmet de Hottingawei it grutste knipepunt op de trochgeande diken troch Wommels. De trochstreaming moat garandearre wurde fanwege de trochgeande funksje, mar de snelheid moat leech wêze fanwege de wenfunksje. Om dy reden wurdt keazen foar in relatyf smel, mar breed genôch profyl, dat healweis ûnderbrutsen wurdt troch in soart plein foar de tsjerke. Fierders komme der saneamde blokhagen lâns de rydaan; ek dêrfan giet in snelheidsremjende wurking út. Tusken de blokhagen kin parkeard wurde op de sydstroken.

De útwurke plannen en kaarten sille woansdeitejûn 22 septimber yn It Dielshûs presintearre wurde. Dan sil de gemeente ek de streefbylden foar de Van Sminialean, Súdhoeke, Hofkamp en Walperterwei bekend meitsje.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt