Nij ljocht op de skiednis fan Littenseradiel
Wommels, Woansdei 12 Maaie 2010, 17:20 oereWommels- Yn de ôfrûne jierren binne op in grut tal plakken yn ús gemeente boaringen dien om út te sykjen hokker argeologyske skatten Littenseradiel hat. Dit hat nije ynsjoggen oplevere oer de wize wêrop ús gemeente har yn de rin fan de tiid foarme hat. Benammen foar de earste bewenning yn ús gebiet hat dit ynteressante ynformaasje oplevere.
Provinsjaal argeolooch dr. Gilles de Langen sil hjiroer in lêzing hâlde. Dit sil plakfine op tiisdei 25 maaie oansteande yn de riedsseal yn it gemeentehûs yn Wommels. Oanfang: 20.00 oere. Belangstellenden binne fan herte wolkom!
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















