Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Nij libben foar “De gitaer by it boek”

Ljouwert, Sneon 05 Novimber 2011, 15:29 oere
Yn it ramt fan de betinking fan “Kneppelfreed”, no 60 jier ferlyn, komt de “De gitaer by it boek” op’e nij út. Fedde Schurer (1898-1968) makke mear as hűndert “bibelske chansons” dy’t benammen troch Roel Slofstra, De Dobber en Pabo De Him rűnom bekend waarden.

Op inisjatyf fan in kommisje út de Ried fan de Fryske Beweging dy’t ek it sechtich dagen “Flagje foar taal” betocht, ferskynt “De gitaer” op’e nij. Alle 118 teksten wurde űnder deselde titel wer útjűn troch de KFFB, en in seleksje fan 36 lieten ferskynt by muzykútjouwerij “Intrada”, űnder de namme “In spyltúch”. Dizze bondel befettet bewurkingen fan de eardere meldijen, mar ek folslein nije komposysjes foar gemeentesang, koar, sjonggroepen en solisten.

De beide bondels sille oanbean wurde by gelegenheid fan de frij tagonklike earste Fedde Schurer-lęzing troch Marga Kool. Dy lęzing wurdt hâlden yn Tresoar op sneon 12 novimber middeis om trije oere. It koar “Vocalibre” űnder lieding fan Egbert Klazenga jout priuwkes út de nije bondel. De earste eksemplaren sille útrikt wurde oan sjonger Roel Slofstra en oan Rein Veenboer, foarsitter fan de Fryske Rie fan Tsjerken.

Sjoch ek www.keppelje.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt