Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Nij aaismyt rekord yn Makkum smiten (fideo!)

Makkum, Freed 13 Augustus 2010, 17:52 oere
Freoneploech Us Stek organisearre tongersdeitejūn foar de 6e kear it aaismiten op De Markt yn Makkum. Goed 70 koppels yn ferskate kategoryen dienen mei. It baanrekord fan 59,50 meter waard ferbrutsen troch Michiel Scheepvaart en Hillebrand Visser. Sy smiten mar leafst 60,50 meter fier.

Twadde waarden Gerrie Krikke en Henk Kuiper mei in ōfstān fan 55 meter en Jeroen Adema en Partick Ruivenkamp waarden tredde mei in ōfstān fan 53,50 meter.

Dit jier koe der wer smiten wurde yn fjouwer kategoryen: Jeugd fan 0 oant 12 jier, jongerein fan 12 oant 16 jier, froulju en mannen.

Op it aaismyt spektakel kamen tsientallen minsken op ōf. Wol moasten de besikers goed oplette want der fleach sa no in dan in aai śt koers en belāne yn it publyk.

De fierste smiters meie sneon 21 augustus meidwaan oan it iepen Frysk kampioenskip aaismiten yn Sumar. Freoneploech Us Stek sil dan mei in touringcar nei Sumar ta. Ek oare koppels kinne mei de bus mei, om de Fryske titel binnen te heljen.

Besjoch de hjirūnder de fideo mei ynterview Jetze Genee fan de organisaasje. En klik hjir om alle foto's te sjen.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt