Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Nei 35 jier wer Frysk kampioenskip gewichtheffe

Folsgeare, Moandei 19 April 2010, 21:40 oere
Ofrûne sneontemiddei waard sûnt 35 jier wer it Frysk kampioenskip gewichtheffe organisearre. Plak fan barren wie de pleats fan Wout Zijlstra, dy't hielendal ynrjochte is foar krêftsport. Opmerklik is dat de winner fan doe, Tjeerd de Vries(52) út Snits no ek wer meidie.

35 jier lyn waard de doe 17-jierrige Tjeerd kampioen. Dernei binne der oant ôfrûne sneon gjin wedstriden mear organisearre. Neist Tjeerd dy't wer meidie waarden ek alle gewichtheffers fan doetiids útnoege. In soarte reuny dus, mei protte foto's en sterke ferhalen.

De striid om't Frysk kampioenskip gong dit jier tusken 8 dielnimmers, ferdield oer fjouwer klassen. Winner "overall" wie Fedde Kingma út Gytsjerk en iy heechst behelle gewicht wie 120 kilo, troch Wietze Rosier út Wjelsryp. Hjirûnder stean alle útslaggen.

  • Winner klasse oant 69kg: Tjeerd de Vries út Snits
  • Winner klasse oant 94kg: Fedde Kingma út Gytsjerk
  • Winner klasse oant 105kg: Wietze Rosier út Wjelsryp
  • Winner klasse boppe 105kg: Arno Louwsma út Boalsert

De driuwende krêft efter de organisaasje is âld kampioen en no skiedsrjochter Johannes de Wit út Ysbrechtum. De 70-jirrige Cor Oudendag dy't it Frysk rekord fan 165 kilo op syn namme stean hat, wie de oare skiedsrjochter. Ek de Nederlânske Gewichthefbûn wie oanwêzich en hopet dat it gewichtheffen yn Fryslân wer foet oan wâl krijt.

Sjoch hjir foar alle foto's.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt