Multy-funksjoneel terrein yn Easterein
Easterein, Tiisdei 02 Augustus 2011, 17:46 oereEasterein hat al op it terrein fan sportkompleks De Skoalleseize in multy-funksjoneel gebou, mar sūnt july leit der yn it doarp ek in multy-funksjoneel terrein - sis mar in grutte plaat asfalt -. Dit leit tusken de fuotbalfjilden en de tennisbanen.
It terrein sil brūkt wurde troch de ferskate ferienigen rūnom it terrein. Dizze ferieningen hawwe ek in belangrike bydrage jūn foar it ta stān kommen fan it terrein. Mei finansjele help fan ferskate subsydzjes en stipers en de fysike bydrage fan frijwilligers is it terrein oanlein.
Foarige wike is it multy-funksjoneel terrein foar it earst brūkt as parkearterrein. Wy binne benijd wat foar aktiviteiten we ferwachtsje kinne op dit doarpsinisjatyf.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















