Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Motorrider ferûngelokke by Winsum (update)

Winsum, Sneon 03 Septimber 2011, 16:19 oere
By in slim ûngelok op de Froonackerdyk by Winsum is sneontemiddei in 57-jierrige motorrider út Ljouwert om it libben kaam. In trekker, dy’t bestjoerd waard troch in 56-jierrige man út Spannum, hat de motorrider oer de holle sjoen by it oerstekken fan de provinsjale dyk. De motor is doe tsjin de foarkant fan de trekker oanklapt.

Tafallich passearjende artsen en in ferpleechkundige hawwe besocht de Ljouwerter te reanimearjen. Mar spitich genoch is de motorrider op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt