Moarnsmiel foar learlingen OBS De Blinker (fideo)
Boalsert, Freed 06 Novimber 2009, 15:30 oereDit jier wurdt foar de sânde kear it lânlike evenemint “ Het Nationaal Schoolontbijt” organisearre. Doel fan dizze aksje is om learlingen bewust te meitsjen, dat in goed moarnsmiel belangrik is foar in goed prestearjen op skoalle, by sport en spultsjes. Hjoed wienen de learlingen fan OBS de Blinker yn Boalsert oan de beurt.
Bakkerij Posthuma mei fęstingen yn Wommels, Snits en Boalsert hat hjir in belangrik oandiel yn. De bakkerij leveret nammentlik it moarnsmiel. “glunderjende bern, dy fol enerzjy oan de dei begjinne: der dogge we it foar” sa seit Harm Posthuma. Alle 150 learlingen fan de skoalle krigen it moarnsmiel. Ek waard it moarnsmielgedrach fan de bern neier besjoen, koe elke klasse de bakker fragen stelle en wie der in presintaasje.
Ek is it ekstra feest hjoed, want nei it moarnsmiel waard de skoalle offisjeel yn gebrűk naam. De skoalle is dit jier kompleet ferboud en renovearre. Sa wiene der de hiele dei feestlike aktiviteiten foar de learlingen en om 16.00 in resepsje en iepen hűs foar âlders en belangstellenden.
Klik hjir foar alle foto's.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















