Moade- en hiershow Toppenhuzen grut sukses! (fideo)
Toppenhuzen, Tiisdei 13 April 2010, 13:00 oereYn in útferkochte seal fan multyfunksjoneel sintrum It Harspit yn Toppenhuzen waard freedtejûn in grutte moade- en hiershow holden. Op de catwalk waarden troch profesjonele modellen de nijste foarjiers- en simmermoade, badklean, linzjery en skuonmoade sjood. De moadeshow waard ôfwiksele troch sang en dûns.
De lêste moade kaam út de kolleksje fan lokale moadesaken lykas Blom & Esprit, Bandolera, Ills Lingerie en House of Shoes. It hier fan de modellen waard fersoarge troch De Toppenhúster Kapsalon yn gearwurking mei De Friese Poort en Goldwell. Fierder presintearren Schoonheidsalon TipTop en Welly's bloembinderij harren op de moadeshow.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










