Lûdroftich ôfskied brânwachtkommandant Ab Kiel
Wommels, Tongersdei 15 April 2010, 19:37 oereSnits- De brânwachtkorpsen fan Snits en Wymbritseradiel ha tongersdei, oan it begjin fan de jûn, op lûdroftige wize ôfskied naam fan harren brânwachtkommandant Ab Kiel. Neidat der earst in ôfskiedsresepsje foar kollega's, freonen en famylje yn It Waltahûs wie. Waard der efkes nei seis oere, troch syn manskippen, ophelle foar in rûnrit troch de stêd.
Ab Kiel siet noflik yn in brânspuitauto mei allinnich mar froulike kollega's. Fierder riden alle brânwachtauto's fan Snits, Drylts, Heech en Wâldsein yn de stoet mei. Nei de rûnrit troch de stêd wie der noch in feest yn de brânwachtkazerne.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















