Lotting foar Politike Doarpenstriid bekend
Wommels, Tiisdei 17 Novimber 2009, 17:19 oereWommels- Yn it bywêzen fan in pear fertsjinwurdigers fan de politike partijen, hat boargemaster Johanneke Liemburg de lotting dien foar de Politike Doarpenstriid fan tongersdei 19 novimber. Dêrfoar hawwe 14 tiims harren opjûn. Alle tiims fertsjinwurdigje in feriening fan Doarpsbelangen; it winnende tiim wint €350,-- foar harren doarp(en) en de ivige rom. De kwisjûn begjint om 19.30 oere yn It Dielshûs yn Wommels; de tagong is fergees.
Yn de earsten ronden stride hieltiten trije tiims tsjin inoar. Sy krije 10 fragen op it mêd fan lanlike, provinsjale en gemeentlike polityk en skiednis, kultuer en sport yn de gemeente Littenseradiel. It tiim mei de heechste skoare wint en giet troch nei de heale finale.
Wildcard
Neist de fiif winners is der noch in ‘wildcard’ te fertsjinjen. Dizze wildcard is foar it tiim dat yn de earste ronde net wûn hat, mar fan alle ferliezende tiims wol de heechste skoare behelle hat. Krekt as yn de earste ronde spylje yn de heale finale wer trije tiims tsjin inoar. Hjirút komme twa finalisten dy’t yn de finale om de ear foar harren doarp(en) striden gean en om it te winnen jildbedrach.
De earste namme dy’t de boargemaster út de skaal helle, wie it team fan Spannum-Iens. Tsjin hokke tiims sy spylje moatte, wurdt bekend op de jûn fan de Politike Doarpenstriid sels.
Inisjatyf fan Politike Partijen
De PvdA, GroenLinks, FNP, VVD en CDA út de gemeente Littenseradiel hawwe it inisjatyf nommen foar in Politike Doarpenstriid om de boargers fan ús gemeente op in oare, boartlike manier yn ‘e kunde komme te litten mei de lokale polityk. Dit ek yn it ljocht fan de kommende gemeenteriedsferkiezings fan 3 maart 2010.
Gerelateerde artikelen
Politike partijen organisearje doarpenstriid
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










