Lollumer Muzykmaraton tige slagge (fideo)
Lollum, Tiisdei 22 Maart 2011, 01:50 oereDe Fjirde Lollumer Muzykmaraton is poerbźst ferrūn. Under de maraton koene in 600 muzikanten en besikers it paad fine nei it doarpke yn 'e Greidhoeke. Hichtepunten wiene de optredens fan saksefoankertet Ritmyk ūnder lieding fan Jantsje Westra te Boalsert, it Frysk Jeugd Fanfare Orkest, fan 'e doedelsekken fan de Graham Lowlanders Pipes and Drums, Piter Wilkens, de jonge band Nicsz, de Bogerman Big Band, de Wytmarsumer band Permanent en de Schola Liturgica ūnder lieding fan Sjouke en Geke Bruining.
De grutte ferrassings wiene oargelist Willem Kuipers en de Berltsumer band Hjirris. Krekt as de ōfrūne jierren wie de grutste belangstelling foar de ōfslutende tsjerketsjinst. De Muzykmaraton hat meiinoar 4098,23 opsmiten foar it projekt yn Tadzjikistan.
Kameraman Jaring Rispens en ferslachjouwer Sjoerd van Beem wiene dźrby en ha foar GPTV ūndersteande reportaazje makke.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















