Loes Geurts traint famkes fuotbalferiening RES (fideo)
Boalsert, Moandei 10 Maaie 2010, 21:38 oereDe famkes fan fuotbalferiening RES śt Boalsert ha ōfrūne snein in spesjale gasttraining hān fan Loes Geurts en Sherida Spitse, allebeide basisspiler by't Nederlānsk frouljesteam.
De famkes fan RES E5M, oanfolle mei inkele famkes śt de D-pupillen, krigen de training troch de lieding fan harren team oanbean. Sy ha kontakt socht mei Loes Geurts, āld-spylster fan RES, en no spyljend by AZ. Sy naam op har beurt Sherida Spitse mei. Sherida is āld-spylster fan v.v. Snits en fuotbalt op it stuit by't frouljusteam fan SC Heerenveen en by't Nederlānsk frouljusteam op in middenfjild.
RES hat al earder grutte nammen op it trainigsfjild hān. Sa joech Gert-Jan Verkeek alris in training oan de A en B junioaren en kriich it sealfuotbalteam fan Club Kenneth Goudmijn yn de seal foar in spesjale training.
Ton Visser fan TV Boalsert wie by de gasttraining fan de famkes en hat ūndersteande fideoreportaazje makke.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






