Littenseradiel hert fan it âldste terpegebiet
Wommels, Freed 28 Maaie 2010, 11:45 oereWommels- De hjoeddeistige gemeente Littenseradiel foarmet it hert fan it âldste bewenne terpegebiet fan Fryslân, sa as dat der om 500 foar Kristus hinne útseach. Dat is ien fan de opmerklike útkomsten fan de argeologyske ‘ferdjippingsslach’ dy’t makke is de ôfrûne jierren ûnder lieding fan provinsjaal argeolooch dr. Gilles de Langen. Tiisdeitejûn 25 mei hat hy hjiroer in lêzing hâlden. Dêrfoar wienen mear as 60 ynteressearden nei it gemeentehûs yn Wommels kommen.
De kaart fan Fryslân fan 500 foar Kristus kin op grûn fan de nijste analyze opnij tekene wurde. Winsum lei oan see, Frjentsjer en Harns bestienen noch net, en de gemeente Littenseradiel foarme mei lytse parten fan oanswettende gemeenten doe it grutste diel fan it bewenne Fryske terpegebiet. Fynsten yn Wommels wize sels op noch eardere bewenning, oant ûngefear 650 foar Kristus.
Yn dizze betiidste tiden lei de see noch net oan alle kanten fan Littenseradiel. Oantoand is dat foar it ûntstean fan de Middelsee it klaaigebiet fan Littenseradiel direkt oanslute op it feangebiet. Ja sterker noch, it feangebiet begûn al binnen de hjoeddeistige gemeente. Neffens De Langen griepen de Friezen folle sterker yn it lânskip yn as oant no ta tocht waard. Hy suggerearret sels dat de Âlde Ried yn it uterste súdeasten fan de gemeente mooglik yn oarsprong in groeven kanaal is dat letter troch de see opsocht is.
De âlde Friezen pasten harren somtiden ferskuorrende goed oan nije omstannichheden oan. By Boazum binne âlde bewenningsspoaren fan feanboeren fûn, dy’t harren yn de rin fan de tiid ta klaaiboeren wisten om te foarmjen. De Langen sketst de boeren út de Romeinske tiid as feefokkers mei tagong ta in grut netwurk, want sels yn lytse delsettingen is Romeinsk ierdewurk fûn. Winsum, oarspronklik oan see, kin in Romeinske bûtenpost west hawwe út de perioade dat de Romeinske leger besochten de ryksgrins op te skowen fan de Rijn nei de Elbe. Dat besykjen moasten se lang om let stake troch it brede ferset yn Germaanje. De diskusje oer Winsum is noch net oan ‘e ein; fêst stiet al wol dat it doarp foar Romeinske militêren in wichtich plak west hawwe moat.
Ek yn de Midsieuwen feroare it lânskip hieltyd, mei alle gefolgen dêrfan. It lytse doarp Jorwert mei syn hiel âlde tsjerke en ‘seendgerecht’ moat it tsjerklik sintrum west hawwe fan in grut gebiet fan Boksum yn it noarden oant foarby Boazum yn it suden. Dit gebiet wie foar in wichtich part opnij foarme troch de Middelsee. Jorwert sels lei op feilige ôfstân fan de hieltyd feroarjende kuststreek, mar rekke efterop doe’t de Middelsee ynpoldere waard. It doarp hie minder goed tagong ta it nije lân as doarpen dy’t tichterby de râne leinen, sa as Weidum en Mantgum.
Fynsten út de terpen fan Littenseradiel binne fan essinsjeel belang foar de wittenskiplike diskusje oer de oarsprong fan de prehistoaryske Friezen. Guon deskundigen lûke út de likenis tusken it ierdewurk dat yn Wommels fûn is en dat fan it Drintske Ruinen de konklúzje dat de Fryske kwelders kolonisearre binne fanút Drinte wei, oaren wize ek yn de rjochting fan it Dútske kustgebiet.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










