Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Litt'diel betinkt 65 jier frijheid mei gearkomste Mantgum

Wommels, Tiisdei 27 April 2010, 15:17 oere
Mantgum- Op 4 maaie binne der oeral yn it lān betinkingen. Dit jier, 65 jier nei de twadde wrāldoarloch, om acht oere sil it wer stil wźze. De gemeente Littenseradiel wol dit jier ekstra omtinken jaan oan it feit dat it 65 jier ferlyn is dat der in ein kaam oan de twadde wrāldoarloch. De tradisjonele stille tocht yn Mantgum sil dźrom oanfold wurde mei in spesjaal progamma yn de tsjerke fan Mantgum mei muzyk en foardrachten troch skoallebern.


It tema fan it Nasjonaal Komitee is dit jier “Frijheid oer de hiele wrāld, wat is dźrfoar nedich?” De gemeente hat de skoallebern frege om gedichten of ferhalen oer dit tema te meitsje. De skriuwerkes fan de moaiste ynstjoerings binne frege harren wurk foar te lźzen yn de tsjerke fan Mantgum. Dźrneist wurde de moaiste gedichten en ferhalen publisearre op de gemeentepagina yn Op ‘e Skille en wurde alle ynstjoerings bondele yn in boekje dat de oanwźzigen fan de gearkomst op 4 maaie mei krije.

Om 19.40 oere sil fanōf it krśspunt Seerp van Galemawei – Swannedrift de tradisjonele stille tocht fertrekke nei it begraafplak op Skillaerd. Dźr sille twa minuten stilte yn acht nommen wurde en sille it kolleezje fan Boargemaster en Wethālders en learlingen fan basisskoalle De Fōlefinne śt Easterwierrum in krāns lizze. Nei de plechtichheid op it tsjerkehōf op Skillaerd, is der rūn 20.20 oere in foar elkenien tagonklike gearkomste yn de N.H. tsjerke yn Mantgum. Hjiryn sille ūnder oaren skoallebern rappe en gedichten foardrage en wurdt it ferhaal ferteld fan in Joadske ūnderdūker. De gearkomste sil rūn 21.15 ōfrūn wźze. Elkenien is fan herte wolkom by dizze betinking oanwźzich te wźzen.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt