Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Literaire 4-Stędetocht nei Snits

Snits, Woansdei 22 Febrewaris 2012, 14:38 oere
De finish-lęzing fan de Literęre 4-Stęde Tocht giet oer ‘Raffelich Realisme’, in űnderwerp dęr’t net earder űndersyk nei dien is. De haadfraach is oft der in nije streaming fan in jonge generaasje Fryskskriuwers űntstien is.

Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literęr tydskrift yn it Frysk. It begűn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de ‘De Blauwe Fedde’ stadichoan mear lęzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy’t net de barrikaden opsocht, mar op iroanyske wize skreau oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten, rare setten en humoristyske kanten.

Nyk de Vries, dichter-performer yn Amsterdam, wie doetiids studint skiednis en hy wie der sels by. Hy beskriuwt de beweging en jout ek syn fizy op de takomst fan de Fryske literatuer, de mooglikheden foar fernijing en de tapassing fan de nije media troch skriuwers. Nyk de Vries draacht dizze jűn ek in pear fan syn ‘proazagedichten’ (hiel koarte ferhalen) foar. Syn nijste bundel hjit: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Sjoch www.nykdev.nl foar syn wurk.

Dit is de fjirde lęzing yn de rige fan de ‘Literęre 4-Stędetocht’, mei alle kearen in oare sprekker oer in markant aspekt fan de Fryske literatuer. De lęzing yn Snits stiet op himsels en der is gelegenheid foar fragen en diskusje oan de ein. It publyk bestiet út minsken dy’t har betrutsen fiele by Fryske kultuer: lęzers, (oankommend) skriuwers, útjouwers, sjoernalisten, resinsinten, afűkkursisten, learlingen, studinten, dosinten, leden fan Fryske kriten, ensafh.

Datum: tiisdei 28 febrewaris 2012
Tiid: 20:00 - 22:00 oere
Plak: Biblioteek Snits, tel. 0515 - 43 52 40
Adres: Wijde Noorderhorne 1, 8601 EA, Sneek
Tagong: € 5,00 (kofje & tee fergees)
Foar byb-leden en studinten: € 3,50

Sjoch foar ynformaasje en oanmelding www.bibliotheeksneek.nl
Fergees parkearje kin op rinôfstân op parkearterrein Bolswarderbaan.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt