Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Liftwedstriid 2006 (Ferlach Sjoerd van Beem)

Wommels, Snein 12 Augustus 2007, 02:42 oere
Eindbestimming: Hel (Poalen) Sa as alle jierren stiene we ek op 1 Jannewaris 2006 fit en fleurich foar de Jimbar. Klear foar de reis nei it Poalske doarpke Hel. Nei in degelike tarieding hiene wy alle betrouwen yn in goede ôfrin. Op ferskeidene wize hiene we us fan te foaren al aardich jilde litten, it grutte praat moast no mar ris wier makke wurde.

De start wie goed, nei’t we fia de Walperterwei rjochting de N359 rûnen, hiene we rillegau in lift rjochting it tankstasjon tusken Boalsert en Snits. Hjir stienen al mear lifters, mar krekt as us wienen de measten rap wer fuort. De tredde lift brocht us nei de pomp tusken de Jouwer en it Hearrenfean.
Nei in hearlik bakje kofje krigen we in lift fan in jong stel ut Grins, sy brochten us nei in pomp oan de râne fan Grins, rjochting Winschoten. Dit like yn earsten net sa bêst om’t it oan de ferkearde kant fan de dyk stie. Mar foar’t we it wisten sieten we al yn in auto yn de goede rjochting.
Foar Winschoten waarden we by in bekend tankstasjon ut setten.

Yn 2005 (Gotheborg) krigen we hjir in bêste lift fan de Fries om utens fan Dronryp. Dizze kear mochten we mei in man mei ride dy’t de auto fol hie mei gemysk spul yn plastik flessen. Neffens eigen sizzen kocht er dit op om dan mei winst troch te ferkeapjen yn de winkel fan syn broer.

Whatever, we mochten smoke yn de auto, dat it sil wol net gefaarlik west wêze. Earne foar Bremen kaam der in ein oan de gearwurking tusken dizze hannelsman en us en moasten wy om sjen nei de folgjende lift.

Inkele mominten letter krigen we selskip fan Gert – Jan B. En Frâns – Pyter T. Dizze mannen wienen ûnderweis Albert Dykstra (Wommelser om utens) foarby riden en hiene hjir mei him ôfpraat. It like us wol wat om de kommende kilometers mei syn fjouweren ôf te lizzen, Albert fûn it wol bêst.
En no komt it; foar’t we wer op paad koenen, moasten we earst goed op de kaart sjen. Om en de by Bremen / Hamburg leit in hiel soad asfalt. Hokker strookje wie dan it meast geskikt foar us en hoe koe Albert ek noch in bytsje op syn paad bliuwe. Nei lang beried wienen we der min as mear ut. Albert wie hjir bekind en soe us wol nei it goede plak bringe.

Om in lang ferhaal koart te meitsjen, dit foel tsjin. Nei’t we in oantal mooglike rûtes mist hiene hat Albert in maat belle dy’t in wol hiel frjemd advys joun hat.  It komt der op del dat we op in B – dyk, by in ferlitten pomp ôfskied nimme moasten fan Albert en dêrmei (nei letter bliken dien hat) fan it folbringen fan de reis nei Hel.

1 Jannewaris, in oere as 23.00, in ferlitten pomp yn de omkriten fan Bad Segeberg, ten noarden fan Hamburg en dus fan de ‘Highway to Berlin’.  Tsja, wat moatte je dan? We ha in oantal oeren dwaande west om hjir wei te kommen, mar dat is net slagge. By ein beslut ha we mei us fjouweren in taksi naam nei it al earder neamde plak om yn in hotel ‘ûnder genot fan’ us dei troch de nimmen. Dat dit in drege gearkomste wie, hoech ik jim net te fertellen.

De oare moarns ier en betiid stiene we, net al te fris mar fol goede moed, oan de ienniche dyk rjochting Berlin. Om de beurt stie der in team mei de tomme omheech (wylst it oare team dan fansels om it hoekje stie).

Nei in hiel soad oeren en gjin lift ha we (mei triennen yn de eagen) it beslut naam om de trein nei Hamburg te nimmen.  En net tsjinsteande it kloate gefoel dat altyd oanwêzich wie, ha we us hjir bêst fermakke. Der wie sels in ‘Old Sailor’ en dat is dan wol gjin Jimbar, mar ek net mis. Mocht ien fan jim hjir ea nochris komme, sjoch dan even nei it plafond en sykje om in Nieuw Noord sjaal. Dizze hinget dêr fanôf us besite tusken al die oare fuotbalsjaals. In hiel soad flauwe smskes, treinen, bakjes kofje en oare sapjes letter, wienen we 3 Jannewaris al werom yn Fryslân. Wylst de oare dielnimmers noch yn it prachtige Hel ferbleaunen, stiene wy wer yn
Wommels......Tsja, ek moai...........

Groetnis, Sjoerd.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px