Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Wommelser lifters bringe boek út

Wommels, Tongersdei 24 Novimber 2011, 17:33 oere
In boek oer de Wommelser liftaventoeren wurdt op 1 jannewaris 2012 útbrocht. De moaiste liftferhalen fan de ôfrûne tsjien jier steane yn dit unike boek. Ferhalen oer ferâldere kaarten, oer plysjes dy’t je freon wurde kinne, oer in Alvestêdetochtfinish, oer tankstasjonautomaatkofje, oer Jehova’s en oer sunige autoriders. Ek foto’s krije in plakje yn dit boek. Moaie foto’s dy’t alles sizze oer de sfear. En foar net-lêzers: de ferhalen binne te beharkjen op de lústerskiif dy’t by it boek heart. Ideaal foar thús by de waarme kachel of ûnderweis yn de auto.

‘Wat ha wy ferlet fan in waarme auto! We binne hast Dútslân troch, en we fiele mei ús hiele lichem dat de Alpen tichtby binne. We sjogge elkoar oan. Troch de wurgens en kâlde fuotten gnize we mar wat dom nei elkoar. Op en del springe en noch djipper yn ús jassen fuortdûke helpt net mear. Der is mar ien remeedzje tsjin dit gefoel fan ûnder it friespunt hjir op in oprit by in wyt Freiburg yn ‘e buert. En dat is in waarme, salang mooglik duorjende lift.’

Op 1 jannewaris 2012 om 16 oere sil yn Wommels it liftboek, yn brún kafee ‘De Jimbar’, presintearre wurde. Hjir sil it earste boek oanbean wurde, krije jim de moaiste liftferhalen te hearren en is de kroech iepen foar in gesellige nijjiersdei mei live muzyk. Dit is ek dé gelegenheid om it boek te keapjen. Fansels mei unike hantekening fan de lifters! Sy sille hjir ek oanwêzich wêze en de besikers kinne gewoan in praatsje mei se meitsje. Nei de presintaasje sil it boek te keap wêze by Warenhuis Van der Velde yn Wommels.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt