Lieneke van der Kwaak eksposearret yn Wommels
Wommels, Woansdei 23 Novimber 2011, 12:30 oereNei in warber libben is keunstneres Lieneke van der Kwaak sân jier ferlyn yn Winsum delstrutsen. Nei dit 'thúskommen" koe se yn alle rêst mei har passy, it skilderjen, oan de gong. In favoryt ûnderwerp of materiaal hat se net. Krekt de fariaasje fynt Lieneke nijsgjirrich. It útienrinnende resultaat derfan hinget no yn it gemeentehûs, tegearre mei in skilderijtsje fan beppesizzer Jessie. Sy skildert op deselde wize as beppe. Tafal?
Al fanôf lyts ôf oan wie dúdlik dat Lieneke van der Kwaak talint hat foar tekenjen en skilderjen. De master op de basisskoalle yn Alphen aan de Rijn sei it al en juffer Corrie van Dijk op it fuortset ûnderwiis riedde har âlden oan om har nei de keunstakademy te stjoeren. Dy stap wie te grut en paste net alhiel yn it libben fan har pleechâlden. Wol regelden se priveeles op sneon fan dyselde juffer. "Ik haw in hiel protteleard fan juffer Van Dijk; in protte techniken foar foarmjouwing en kleurgebrûk. Eins haw ik alles oan har te tankjen". Doe 't ik allinne kaam te stean, haw ik in soad tiid trochbrocht oan de akademy yn Delft. Dêr haw ik ek in protte ynspiraasje opdien.
It kreatyf dwaande wêzen, net allinne mei tekenjen en skilderjen, mar ek mei pianospyljen, jout Lieneke van der Kwaak enerzjy. "As jo eat hiel moais makke hawwe, dan kin je wer mear oan." It hat altyd in útlitklep west yn har libben, al wiene der ek perioaden dat se net prestearre. Se hat dan ek in bewogen libben efter de rêch, mar wie net de persoan om by de pakken del sitten te gean. Der wie in protte om te ferwurkjen en dat se foar in part dien troch in boek te skriuwen, "Het mysterie rond mijn moeder".
Sa't se sels seit, hat se yn Winsum in nije start makke. Se makke it trijelûk op de bûtenmuorre fan Herbergh De Trijesprong yn Winsum, begûn mei it jaan fan skilderles oan groepkes kursisten en rolle de organisaasje fan de Keunstrûte yn. Yntusken hat se in drok, mar leuk libben yn Winsum. Sa drok dat se tiid frij plenne moat om sels te skilderjen. Hiel ferskate dingen set se op it doek; de iennige oerienkomst is it gebrûk fan felle kleuren. "Foar de rest kin it fanalles wêze; lânskippen, stillevens, portretten en ek ferskate materialen lykas oaljeferf, akryl as akwarel. Je hoege my ek net yn myn wurk te werkennen. Je fine it moai of je fine it net moai. Sa simpel is it."
Eksposysje
Fanôf heal novimber eksposearret Lieneke van der Kwaak yn it gemeentehûs yn Wommels. Dizze eksposysje is oant en mei jannewaris 2012 te besjen ûnder iepeningstiden fan it gemeentehûs. Mear ynformaasje oer Lieneke van der Kwaak, har wurk en har boek kinne jo fine op www.lienekegalerie.nl.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















