Lêzing oer famyljenammen yn Tsiispakhús
Wommels, Moandei 09 Jannewaris 2012, 15:02 oereTheo Kuipers út Mantgum hâldt op tongersdeitejûn 12 jannewaris in lêzing yn It Tsiispakhús yn Wommels. Kuipers, wurksum by Tresoar yn Ljouwert, sil it foar it skoft hawwe oer famyljenammen. Yn syn presintaasje fertelt hy ien en oar oer de ûntsteansskiednis fan Fryske famyljenammen. Yn 2011 is it twahûndert jier lyn dat Nederlân te meitsjen krige mei famyljenammen. Dat wie in gefolch fan it regearingsbeslút dat Napoleon Bonaparte op 18 augustus 1811 naam.
Nei it skoft hat Kuipers it oer it Nedergerjocht yn de eardere gemeenten Hinnaarderadiel en Baarderadiel. In Nedergerjocht wie sûnt de Saksentiid de namme foar it gerjocht yn stêd en gritenij dêr't de ienfâldige saken behannele waarden. Nedergerjochten behannelje bygelyks ferkeapen fan net-replik guod, al of gjin hypotekêre lienings, de soarch foar weesbern en it behear fan harren guod.
De lêzing yn It Tsiispakhús begjint om 20.00 oere en der wurdt 2,50 euro oan yntree frege.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















