Lęze foar de Freule (fideo)
Wommels, Woansdei 10 Augustus 2011, 04:21 oereIt is sa stadichoan in echte tradysje oan it wurden: “Leze foar de Freule”. Op de tiisdeitejűn foar de grutte dei is de haven fan Wommels it dekôr foar dit barren. Foar de sânde kear waard it dit jier holden en Rients Gratama wie útnoege om foar te lęzen “út eigen wurk”.
De trekzakgroep fan Wommels die de muzikale ôftraap en dęrnei koe Piter de Groot fan it organisearjende komitee om goed healwei njoggenen hűnderten minsken in wolkom taroppe. Űnderwilens hie Ids Willemsma syn roeiboat oanlein om de sprekker oan wâl te bringen.
Rients Gratama, 79 jier űnderwilens, is opgroeid yn Penjum en it koe dan ek net misse dat hij begűn mei syn eigen Freule aventoeren. Yn 1948 stie hij op de list en nettsjinsteande it feit dat hij kânshawwer wie, moast Rients letter op de dei mei syn maten en sűnder krâns of in oare priis wer nei Penjum fytse.
Dat Rients Gratama foaral kabaretier en toanielspiler is, die dizze jűn ek wol bliken: it foarlęzen moast hij him ta sette want hij ferbűn de lytse dingen tichtby mei de grutte saken yn de wrâld mear as in konferense as in ferhaal.
Alde grappen wiene yn in nij jaske setten en nije teksten dy’t Gratama takom jier yn in nij programma bringe sil, waarden útprobearre.
It publyk fermakke him der tige mei űnder de rűzjende beammen. It sintsje, sa’t men sa graach op dizze jűn sjen wol, dy liet it dizze kear ôfwitte. En de rein gelokkich ek op in lyts snjitterke nei.
Nei in lytse trije kertier koene de hannen op elkoar en hie de Groot it lęste wurd: hij sei alle sponsoren tank, want troch harren wurdt dit mooglik makke.
Besjoch hjirűnder de reportaazje fan Jaring Rispens en Sjoerd van Beem.
| In bydrage fan: Aant Hofstra | Diel dit artikel: |
![]() |



















