Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

‘Lęze foar de Freule’ mei Rients Gratama

Wommels, Tiisdei 09 Augustus 2011, 16:20 oere
Yn syn tachtichste, en noch jimmer brűzje. Dat sil Rients Gratama ek tiisdei 9 augustus wer sjen litte as er yn de passantehaven fan Wommels de űnderwilens tradisjonele jűn ‘Lęze foar de Freule’ op syn eigen, űnneifolgbere wize ynfollet.

Hy wurdt, ek al tradysje, tsjin healwei njoggenen de haven binnenruoike, om dęrnei ‘by it űndergean fan de sinne’ syn ljocht skine te litten oer al wat de wrald, Europa, Nederlân, Fryslân, Wommels en net yn ’t lęste plak himsels dwaande hâldt.

Hy skriuwt oan in nij kabaretprogram, dat er takom jier ta gelegenheid fan syn tachtichste jierdei op ’e planken hopet te bringen. Under de titel ‘Geraniums of gladioalen’ sjocht er dęryn werom op syn mear as fyftichjierrige karrięre, dy´t yn 1957 begűn by it Selskip Tetman en Jarich. Yndied, ‘de tiid hâldt gjin skoft’…

De Trekzakgroep Wommels ferlient wer har muzikale meiwurking oan dit sânde ‘Lęze foar de Freule’-barren.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt