Lêste hjerstoptreden Reina Rodina
Ljouwert, Woansdei 28 Septimber 2011, 14:18 oereMei it optreden fan 24 septimber njonken De Harmonie yn Ljouwert, ûnder popfestival Freeze, is de tour WetterKâld fan Reina Rodina ta in ein kommen, op passende en sfearfolle wize. Noch ien kear yn de bûtenloft, mei waar en wyn as dekôr, mei fansels wer in spesjale, mar lytse sjo. It twadde diel fan de bekende rige begûn in wike earder, op it Greidhoek’ festival yn Wommels.
Alhoewol it konsert by Freeze as de lêste offisjele ‘WetterKâld’ jildt, is Reina Rodina sels fan ’t hjerst noch ien kear te sjen: op freed 30 septimber bringt sy yn in útklaaide, yntime setting nochris de muzyk dy’t sy foar de tour skreau en meikoarten ek op de debút-cd mei deselde namme ferskine sil.
Dit optreden fynt plak yn in leechsteand winkelpân oan de Foarstreek 73 yn Ljouwert en begjint al om 16.00 oere, it is fergees. Kom op ‘e tiid, want fol is fol.
WetterKâld wie in grut súkses. Moaie publyksreäksjes, goede resinsjes, in soad omtinken en kompliminten fan promininte faklju kamen de jonge artyste ta. By it album, dat letter ferskynt, sil in dvd mei live-opnamen taheakke wêze, sadat de ûnderfining nochris rêstich belibbe wurde kin. Djip yn ‘e winter reizget Reina Rodina ôf nei IIslân, ûnder mear om dêr ynspiraasje op te dwaan en te wurkjen oan har folgjende projekt.
Freed 30 septimber Ljouwert, 16.00 oere
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















