Les oer Grytmannen en wapenskylden op Iepenloftskoalle
Wommels, Tiisdei 13 April 2010, 21:54 oereBears- It bestjoer fan Stifting Tsjerke en Uniastate Bears is fan miening dat de skiednis fan Uniastate en de tsjerke fan Bears him lêze lit as in spannend berneboek. Mei in Iepenloftskoalle wol it bestjoer bern út it basisûnderwiis nei dit bysûndere projekt lûke.
De opset is yn ien skoaldei de lokale Fryske skiednis te belibjen, de histoaryske wearde fan kultureel erfguod te ûnderfinen en te wurkjen oan ferskate doelen fan reguliere skoallefakken yn en rûnom Uniastate. Fan maaie ôf fine der try-outs plak mei trije skoallen út de omjouwing. Fan 2011 ôf moat de Iepenloftskoalle Bears beskikber wurde foar 25 groepen yn it jier.
Mei projektburo Oosterhoff en Wijnsma is in projektopset ûntwikkele om learlingen út groep 5 en 6 fan de basisskoallen út Fryslân ien dei les te jaan op en rûnom Uniastate. De basis foar de lessen wurdt foarme troch it plak, de skiednis, de fêste tentoanstelling en de mediateek op it terrein. Bern krije op dizze dei gewoan les fia it reguliere programma, mar de opset is tematysk. Sa kin de skiednisles gean oer de skiednis fan Uniastate en de les tekenjen en hânfeardichheid kin basearre wurde op wapenskylden of de taalles is in ferhaal skriuwe oer de tiid fan de Grytmannen. Hoewol’t de learlingen dus net op skoalle binne, misse se gjin lessen.
Aktiviteiten en lesbeskriuwingen moatte ûntwikkele wurde en útprebearre yn in pilot mei trije skoallen út de neiste omjouwing. De ûntwikkeling en try-outs fine plak fan maaie ôf oant en mei septimber 2010/ As de Iepenloftskoalle ien kear ûntwikkele is, kinne der fan jannewaris 2011 ôf 25 groepen yn it jier dielnimme oan it projekt. De kosten foar dielnimmende skoallen lizze nei alle gedachten rûnom de €75,- per groep.
Yn de takomst kin de Iepenloftskoalle Bears miskien diel útmeitsjen gean fan it kultuernetwurk, in netwurk dêr’t skoallen harren learlingen mear mei keunst en kultuer yn oanrekking komme litte kinne. Foar it kultuernetwurk binne aktiviteiten ûntwikkelen en bondele yn in brosjuere. Basisskoallen kinne mei it jild dat sy foar dizze aktiviteiten beskikber steld krije, yn de rin fan 2010 gebrûk fan dat kultuernetwurk meitsje.
De tsjerke fan Bears en de loftspegeling fan Uniastate wurde alle jierren troch sa’n 2.500 minsken besocht. It grutste part fan de besikers is folwoeksen.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










