Lekker ite?! (Kollum fan Jan Hibma)
Wommels, Tongersdei 24 Septimber 2009, 00:21 oereSeis oere ite, net letter, net betiider, in gewoante dat der stevich yn sit by ús folk. Foar de tiid ha we ek noch net sin oan wat, om seis oere lesse we graach in hapke. Honger ha we net, wurdt der sein. Honger ha allinne de donkergekleurde fersies fan de minsk út de wrâld fan Moglie en de Lion King.
Sy hoe dan ek net om seis oere thús te wêzen, want der is toch neat te heljen. At by ús de klok liet stowe wy massaal nei de itenstafel. En at we net thús ite kinne, wolle of meie dan sykje we wol in iethús op mei in goeie keuken. In goeie keuken is wichtig, want we wolle gjin ferbaarnd guod op ús board troch gebrekkich materieel.
Yn it wykein binne we wolris makkelik en wolle we ús graach foar in lytse fergoeding betsjinje litte. Dan ha ik it ek foarnamelik oer sneins, wanneer’t alles toch al folle moeite kostet. Út bed komme is al in grut probleem, lit stean iten siere. In kopke sop klear meitsje moat op it meast enerzjyke moment krekt kinne, mar dan hâldt it ek rap op. In oar betelje om foar dy iten te sieren is dochs grif in útkomst!
Ek troch de wike giet it net altyd fan in leien dakje, der moat eltste dei wer in kar makke wurde wat der op tafel komme moat. Der moat rekken hâlden wurde mei de smaak fan de oaren dy’t je (allinne mar) om seis oere oan tafel sjoche. In dreche opjefte. Dat jildt ek foar it neigesetsje. Hjir kinne we kieze út âlderferskuorenst folle soarten. Dochs blieuwt fla faaks de dikste punten scoren. Út betroubere bron ha ik hjeardt dat ek dit jier it flaseizoen wer útmuntend is.
Lokkich binne no de donkere dagen nei Sinterklaas wer oanbrutsen. De kar wurdt iets minder dreech no’t we ús wer tegoed dwaan kinne oan de stamppotten. En dan moat der ek noch ris betocht wurde wat der mei kryst iten wurdt. Ite we ús búkjes wer rûn oan hert, fazant, kalkoen, hazze as in oar bist, as wurdt it dochs gourmette?
Wat it ek wurdt, úteinlik binne wy ek mar bedoarn mei it grutte ferskaat oan iten. Oaren ha dy kar net. Yn Iislân moatte se eltse dei iis ite en in Sina eltste dei sinees, wat ek net altyd alles is. Wer oaren hawwe inkelt in korrel riis op ‘t program en moatte lieuwen blieuwe yn dy iene fatamorgana mei bergen boerekoal. Tis net altyd gelyk ferdieldt, mar ien ding ha we gemien, en dat is dat iten lekker wêze kin.
| In bydrage fan: Jan Hibma | Diel dit artikel: |
![]() |



















