Kwalifikaasje Grut Frysk Diktee 2010
Wommels, Tiisdei 02 Maart 2010, 15:23 oereDit jier wurdt foar de tsiende kear it Grut Frysk Diktee hâlden. Binne jo in betûfte Fryskskriuwer, dan kinne jo sjen litte hoe't it derfoar stiet mei jo kennis fan 'e Fryske stavering. It diktee dat foarlêzen wurdt, is net maklik en de dielnimmers sille dan ek op har iepenst wêze moatte foar tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers. It Grut Frysk Diktee wurdt hâlden op tiisdei 20 april yn 'e steateseal fan it Provinsjehûs.
It diktee is stavere neffens de regels foar de Fryske stavering. As flaters wurde rekkene: staveringsflaters, ferkeard of net brûken fan keppelstreekjes, aksinten, apostroffen, trema's, haadletters en punten yn ôfkoartings, al of net oaninoar skriuwen, ferkearde meartallen. Yn ien wurd kin net mear as ien flater sitte. Komma's telle net mei. De útslach fan de sjuery is binend.
Meidwaan
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it diktee? Kopiearje it kwalifikaasjediktee en plak it yn in tekstferwurkerbestân. Jou de flaters dúdlik oan (fet, ûnderstreke, skeanprinte of mei de funksje 'markearstift').
Foarbyld: De fryske Akademy jowt wurdboeken út dyt de A.F.U.K yn 'e boekwinkel ferkeapet.
Slach de tekst op mei de namme diktee2010. Stjoer it foar 30 maart as taheakke by in e-postberjocht op nei: fryskdiktee@fryske-akademy.nl. Ferjit net om jo namme, adres en telefoannûmer yn it e-postberjocht te setten. Meidoggers dy't pleatst wurde krije dêr berjocht oer.
1. It mesyk gjit troch de buorren en klinkt en daveret troch de diskotheek. Dat de friezen net sjonge kenne is neat fan wier.
2. Klassyk, moadern, pop en jazz; yn de platenwinkel is foar alleman en elkyn wol wat te fine. En op ynternet fynt men ilegale en legale ferzjes yn MP3-formaat fan mopkes, deuntsjes en sangkjes.
3. Troch de tiid hinne binne der allerhanne ynstreminten útfoen. Fan poenen op de noarske balke, blazen op de lillepypkersbonge en slaan op de grutte trom oan't knopkes yndrukke fan in elektronyske soundmikser.
4. In jimmer fleurige fiûlespiler stjoerd mei syn orkest klassyke musyk yn populaire arrangeminten fan it Maastrichter Vrijthof ôf de wrâd yn.
5. Yn de bêddewinkel spilet in mansk stryk-orkest op slieperiche wize in dreamstik, dêrt men sels lizzend op nasaskommattrassen fan yn 'e soes rekket.
6. Mennich leafhawwer fan in rideltsje kriget as jiddyskado of op sinterklaas d.v.d.'s of seedees mei muzyk fan syn of har favorite stjer.
7. Siz no sels: wat is der moaijer as yn in konsertseal te harkjen nei swiidlûdige klanken en meldyen, yn tsjerke ris goed in fertrouwde psalm op te heljen of yn it theater te sjen nei de prima-ballerina dy't sweeft op ballet fan romantyske komponisten?
Piter Wilkens skriuwt 10de Grut Frysk
Sjonger en lietsjeskriuwer Piter Wilkens skriuwt dit jier de tekst fan it Grut Frysk Diktee. De dikteewedstriids is op tiisdei 20 april 2010 yn de steateseal op it Provinsjehûs te Ljouwert. Wilkens sil dy jûns it diktee ek foarlêze.Om’t it diktee dit jier foar de tsiende kear hâlden wurdt, dogge ek in tal bekende Friezen mei, lykas: de skriuwers Hylke Speerstra, Lida Dijkstra en trûbadoer Gurbe Douwstra. Fierder kin elk dy’t tinkt dat er in betûfte Fryskskriuwer is oant 30 maart 2010 meidwaan oan it kwalifikaasjediktee, om sa in plakje yn de steateseal te bemachtigjen. Dat kwalifikaasjediktee is yn de regionale en ferskate lokale kranten te finen en op de website fan de Fryske Akademy: www.fryske-akademy.nl fan sneon 6 maart ôf.
It Grut Frysk Diktee is in inisjatyf fan de Fryske Akademy, Afûk, Cedin en It Fryske Boek.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















