Krystmerke ’Winterwille’ yn Easterein
Easterein, Tongersdei 24 Novimber 2011, 13:12 oereFreed 9 desimber fynt de tredde edysje fan krystmerk Winterwille yn Easterein plak. Fan 15.00 oere oant 21.00 oere is it ien grut krystbarren op de Foarbuorren en Tsjerkebuorren yn it doarp. Alle 27 beskikbere kreamen binne beset.
Dit jier dogge der wer in soad ferienings en űndernimmers út Easterein mei. Sa as UKster, de Fűgelwacht, Wilhelmina, Doarpsbelang, de Taartentsjoender, it pjutersboartersplak …. En noch folle mear.
Ek is de tsjerke jűns iepen. Hjir is űnder oare muzyk fan it bernekoar út Easterein, it jeugdkorps en Balt de Vries op oargel. Derneist kin de winkel fan Bauke en Willeke besocht wurde en is pastorijtún wer sfearfol ferljochte.
Besikers dy’t kryststikjes meitsje wolle kinne kontakt opnimme mei Sabine Tamminga – Dijkstra. Dit kin fia www.geskikt.nl. De krystmerke is folslein yn winterske sfearen. Kafee-restaurant Noflik Easterein fersoarget Glühwein by in gesellich fjoerke op it parkearterrein.
Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside: www.winterwille.nl
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















