Krusing Westergoawei by Wommels ûnfeilich
Wommels, Tiisdei 05 Jannewaris 2010, 01:46 oereRTL Nijs hat ûndersyk dien nei de meast ûnfeilige krusingen fan Nederlân. De krusing Westergoawei- Berkwerterleane-Walperterwei by Wommels stiet op nûmer 87. Hjir barde de ôfrûne trije jier, seis ûngemakken mei yn totaal acht ferwûnen. De sifers komme fan Rykswettersteat.
De ûngemakken sûnder ferwûnen binne net meitelt. Neffens RTL Nijs fine der ek in soad 'hast' ûngemakken plak, by de krusingen dy yn de top 100 steane.
De ferkearsfeiligens fan de krusing kaam yn july 2009 ek al ter diskusje nei in ûngemak earder dy moanne. Ut de byldbank fan JRF Producties út Wommels ha we fan fiif fan de seis ûngemakken foto's fine kinnen.
Oersjoch:
Freed 6 April 2007 (foto 1)Buske woe de Westergoawei oerstekke rjochting Tsjom, mar seach in auto út de rjochting fan Ljouwert oer de holle, mei in oanriding ta gefolch. De ynsittende fan de auto, in frou mar har twa bern moasten foar kontrôle nei't sikehûs ta.
Snein 7 Oktober 2007 (foto 2)
In brommobyl woe de Westergoawei oerstekke rjochting Tsjom, mar seach in auto út de rjochting fan Ljouwert oer de holle, mei in oanriding ta gefolch. De passazjier fan de brommobyl moast foar kontrôle nei it sikehûs ta.
Tiisdei 18 Maart 2008 (foto 3)
Brommerrider woe de Westergoawei oerstekke rjochting Wommels, mar seach in auto út de rjochting fan Boalsert oer de holle, mei in oanriding ta gefolch. De brommerrider rekke hjirby ferwûne.
Tongersdei 15 Maaie 2008 (foto 4)
Auto woe de Westergoawei oerstekke rjochting Wommels, mar seach in auto út de rjochting fan Boalsert oer de holle, mei in oanriding ta gefolch. De bestjoerster fan de auto dy oerstekke woe, moast foar kontrôle nei't sikehûs ta.
Tongersdei 9 July 2009 (foto 5)
Auto woe de Westergoawei oerstekke rjochting Wommels, mar seach in auto út de rjochting fan Boalsert oer de holle, mei in oanriding ta gefolch. De ynsittenden, in man en in frou fan de auto út de rjochting fan Boalsert rekken ferwûne.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















