Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

‘Kredo’ op 15 Maaie yn It Dielshűs te Wommels

Wommels, Tongersdei 13 Maaie 2010, 07:56 oere
Wommels- Kredo is de opfolger fan it suksesfolle ‘Katarsis’, 170 foarstellingen rűnom yn ‘e provinsje. “Kredo’ spilet him ek wer ôf yn ‘e kroech, oan ‘e tape. Ek ‘Kredo’ is skreaun troch keunstner Gerrit Breteler.


De tematyk fan it stik giet oer it hjoeddeiske plattelân en de ferhâlding fan de minske dęrta. Wat binne de konsekwinsjes foar de minsken dy’t dęr wenje ? Hoe is de űnderlinge ferhâlding ? Wat bart der mei de taal ?

Sykte en soarch binne yngripende saken yn in minskelibben. ‘Kredo’ lit sjen, wat dit foar Pytsje, de fiskersfrou út Paesens, betsjut. Rudmer, alias Rudy C. rekket fan ‘e wize, as der in slim berjocht te ferwurkjen krijt. Emearitus-dűmny Strikwerda is de grutte riedshear by it privatisearjen fan de sűnenssoarch. Yn syn frije tiid skriuwt er toaniel.

‘Werom yn Sidderburen’ is de namme fan it stik, dat hy yn kafee De Bűnte Bok foar it fuotljocht bringe wol. Mei assistinsje fan diva Bianca van Slageringen, dy’t har tydlik yn it doarp te wenjen set hat, moat dit stik in grut sukses wurde.

Humor en tragyk wikselje elkoar yn rap tempo of. De lokaasje, it folslein op rym skreaune skript en it bysűndere Fryske taalgebrűk meitsje ‘Kredo’ ta in unike teaterproduksje.

Oanfang: 20.00 oere, Tagong: € 18.50, Reservearje: , Mear ynformaasje: www.itdielshus.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt