Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Kommende woansdei 6e Jong-Feintepartij yn Easterein

Easterein, Tiisdei 27 July 2010, 19:08 oere
Moarn giet it om 11.00 oere de 6e edysje fan Jong-Feintepartij yn Easterein wer los. K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarekategory. Mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet.

Al jierren wrakselje it KNKB en de ferienings mei dit fraachstik. Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen.

De keatferiening hopet fan herte dat de jonges keatsen bliuwe en harren karriêre trochsette by de junioaren. As je as lêste jiers jonge op de Freule yn Wommels stien ha dan witte je no dat je noch fiif jier nei Easterein ta kinne foar de Jong-Feintepartij. Eltse feriening mei mear as ien partoer ôffeardigje en yn elts partoer mei in keatser út de kategory jonges opnaam wurde.

Der wurdt keatst om de “Sulveren Leest”, in unike wikselpriis, beskikber stelt troch Jan Hiemstra út Frjentsjer (âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboek “Bûkelje en boppeslaan”). Derneist binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei prizenjild. Al mei al in prizenpot fan sa’n € 1.800,00.

Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht. De earste twa edysjes wie de winner fan de “Sulveren Leest” ôfdieling Pim Mulier fan Wytmarsum mei Jacob Zaagemans, Herman Sprik en Gert-Jan Meekma. Yn 2007 wienen it Hendrik Jan vd Velde, Hyltje Bosma en Lennart Adema die foar Makkum wûnen en yn 2008 wie it Holwert mei Gert Anne vd Bos, Jacob Soepboer en Rudolf Soepboer die it wûnen. Yn 2009 wie it wer Holwert die wûn mei de keatsers Gert Anne vd Bos, Hindrik Jan de Haan en Rudolf Soepboer.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt