koarte film Centrum Jeugd en Gezin
Wommels, Woansdei 09 Novimber 2011, 10:36 oereNei de nedige ynspannings fan alle belutsen partijen de ôfrûne jierren funksjonearret it Centrum Jeugd en Gezin Zuidwest-Fryslân (CJG ZWf) no folslein. Der binne ynrinpunten realisearre, de Ferwiisyndeks is ynfierd en it CJG is te berikken fia ien tillefoannûmer, 0900 – 254 1 254, en ien webside, www.cjg-zwf.nl.
(Oansteande) âlden, bern en jongerein kinnen no by it CJG terjochte mei al harren fragen oer opfieden en opgroeien. Om dúdlik te meitsjen hoe’t it CJG krekt wurket en wat it foar minsken betsjutte kin, is der in koarte film makken dêr’t professionals, âlden en bern yn fertelle wat it CJG docht en wat der al berikt is.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















