Klupkampioenskippen Frysk damjen yn Easterein
Easterein, Tiisdei 10 Jannewaris 2012, 13:08 oereOp sneon 14 jannewaris wurde yn kafee Bergsma yn Easterein wer de jierlikse klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul holden. It barren begjint de moarns om healwei tsienen, mar it sil net earder as it begjin fan 'e jûn wêze ear't de nije kampioen bekend is.
Yn 2011 wie Aldegea ferrassend de sterkste ploech. Mar sil it favorite Hartwert, mei persoanlik kampioen Taeke Kooistra yn syn fermidden, him noch ris wer ferkatse litte? En Skearnegoutum hat him dit jier fersterke mei de bekende "Hollânske" dammer Tjalling Goedemoed, en liket dêrmei mear as ea in gefaarlike outsider te wêzen. Boppedat moat sels promovendus Lollum yn 'e gaten holden wurde. Mei Marten Walinga, Tjerk Wijbinga en Foeke Tiemensma hat dy ploech dammers dy't yn potinsje foar in soad punten soargje kinne.
Mei de persoanlike kampioenskippen foarmje de klupkampioenskippen it jierlikse hichtepunt binnen de Fryske fariant fan it damspul. Njonken de kampioensklasse wurdt der ek yn de legere klassen fûl striden om de prizen, en om promoasje en tsjin degradaasje. De ferwachting is, dat der yn Easterein meiinoar in 150 dammers de striid oangean sille.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















