Kij sakje troch flier: ien dea, oare ręden
Warkum, Tongersdei 12 Novimber 2009, 16:07 oereWarkum- By in pleats yn Warkum binne tongersdei twa kij troch de flier sakke. Ien ko hat it űngemak net oerlibbe, it bist bleau mei de kop tusken de spilen fan it stek hingjen. De oare ko is yn de jarrekolk fallen. Omdat de jarrekolk te fol siet mei jarre wie it te gefaarlik foar de brânwacht fan Warkum om yn de jarrekolk te gean.
Ek foar it alarmearre dűkteam fan Snits wie it te gefaarlik om de ko te ręden. Derom is besletten om de jarrekolk foar in grut part leech te pompen om sa by it bist te kommen. Nei twa oeren wie de jarre foar in grut part oerpompt en koe de brânwacht by it bist komme om dernei it bist mei in trekker derút te takeljen. Do ko hat it aventoer oerlibbe.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










