Keninginnedei: Aubade op bordes stedshûs Snits
Wommels, Freed 30 April 2010, 11:37 oereSnits- Keninginnedei yn Snits sette fannemoarn tradisjoneel út ein mei de jierlikse aubade foar de keninginne. Op de merkestrjitte foar it stedshûs fersammelen hûnderten minsken harren om oan de feestlike aubade mei te dwaan.
Neidat earst de Blauhûster Dakkapel de stimming deryn brocht, kaam om njoggen oere boargemaster Hayo Apotheker, Fokko Dam en oare notabelen op it bordes fan it stedshûs en sette de aubade út ein.
Sjoch hjir foar alle foto's. Fideoreportaazje is makke troch Jaring Rispens foar GPTV en Stjoerder.nl.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















