Kado-aksje Audiofrysk yn de Moanne fan it Fryske boek
Easterwierrum, Tiisdei 31 Augustus 2010, 13:10 oereAlle keapers fan in Frysk boek krije yn de Moanne fan it Fryske boek net allinne it kadoboek 'Los sân' fan Greet Andringa fergees by oankeap fan minstens € 9, útjouwerij Audiofrysk docht dêr noch in kadootsje by: it harkboek fan 'De diggels fan Che', de debútbondel mei losse ferhalen fan dizze aktive skriuwster.
Troch te beteljen mei de koade dy't foar yn it aksjeboek fermeld stiet, kin ien eksimplaar fan it audioboek fergees delladen wurde by Luisterrijk. Greet Andringa hat it harkboek sels ynlêzen en bringt de sfearfolle ferhalen op boeiende wize foar de mikrofoan. It is in moaie gelegenheid om mei it fenomeen audioboek yn de kunde te kommen.
Foar mear ynformaasje: www.audiofrysk.nl
![]() |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |







.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










