Jubileumjier Aaipop begjint yn it Bolwurk
Nijlân, Freed 11 Novimber 2011, 14:28 oereNoch in pear moanne en dan barst it 25e Aaipopfestival yn Nijlân los. It liket in grut spektakel te wurden mei in record oantal bands en artysten út it no en út it ferline. Foar de bands fan no begjint it festival al op snein 12 febrewaris 2012 yn Het Bolwerk te Snits mei Aaipop der op út.
Op dizze jûn kin it nije talint him yn de skynwerpers spylje. Hasto in begjinnende band of bisto dy nije artyst en wolst mei dwaan, jou dy dan foar 1 jannewaris 2012 op. Alle sjenre’s binne wolkom. Fansels nimst dyn eigen publyksjuery mei, want dy bepaalt mei de saakkundige Aaipopsjuery hokker band of artyst it 25e Aaipopfestival iepenje sil.
Stifting Aaipop is it hiele jier troch op syk nei nij Frysk talint. Aaipop jout nije bands en artysten de kâns poadiumûnderfining op te dwaan troch mei te dwaan oan Aaipop der op út. In ûnôfhinklike sjuery sil mei help fan it publyk útmeitsje wa de winner wurdt en op it grutte Aaipop spylje mei. De iennichste betingst is dat der yn it Frysk of yn in Fryske streektaal songen wurdt. Aaipop der op út wurdt op ferskate plakken yn de provinsje hâlden, dizze kear dus ticht by hûs, op it poadium fan Het Bolwerk yn Snits.
Bands en artysten kinne harren opjaan troch sa gau as mooglik in oanmelding te stjoeren nei programmearing@aaipop.nl. Wachtsje dêr net te lang mei, want der is plak foar fjouwer bands of artysten en fol is fol. Stjoer as oanmelding in koarte biografy op mei foto’s en oare wichtige ynformaasje en doch dit dus foar 1 jannewaris 2012.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.aaipop.nl.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















