Jubileumboek nei 25 jier stedsblęd “De Stadsomroeper”
Sleat, Moandei 23 Novimber 2009, 08:44 oereSneontemiddei is it earste eksimplaar fan jubileumboek “Monuminten fan fleis en bloed” oanbean oan foarsitter fan Stifting Van der Wal Fűns, boargemaster Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat. Derneist is (âld)redaksjelid fan “De Stadsomroeper” Gerben Stegenga keninklik űnderskieden.
Dit jier bestiet it stedsblęd fan Sleat “De Stadsomroeper” 25 jier. Nei oanlieding hjirfan is der twa jier wurke oan it jubileumboek węr’t 65 libbensferhalen yn steane fan (âld)Sleattemers. Yn it boek stean neist in protte ferhalen ek foto’s fan eartiids.
Ek is it nije kostúm fan stedsomropper Pieter Haringsma presintearre. Dit alles fűn plak yn De Mallemok yn Sleat.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















