Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Jongerein sintraal by earste Deadebetinking Blauhûs

Wommels, Moandei 03 Maaie 2010, 23:24 oere
Blauhûs- Dit jier is der foar it earst deadebetinking yn Blauhûs. Omdat - oarloch en geweld - noch altyd aktueel is, en bern faak slachtoffer binne, stiet de jeugd sintraal. Yn it bysûnder wurdt evakuee baby Gillis Emanuel Michels betocht, dy’t yn e hongerwinter, ûnderweis fan Amsterdam nei Fryslân stoar en hjir begroeven leit. 


Opskrift fan syn monumint: 'Gilles Emmanuel Michels, geboren 16-3-1944 Amsterdam. Gestorven 12-01-1945 op weg naar het beloofde Friesland'.

De betinking begjint om 19.30 oere by it Teatskehús mei in rintocht dy’t symboal stiet foar de reis dy't Gilles en syn famylje yn 1945 ôflein hawwe.  Oan e rûte steane foto's dy't de tocht útbyldzje. Wylst spilet de Fanfare koralen. De tocht eindicht by it tsjerkhôf.

Hjir sille de skoalbern roazen lizze en lêze se in brief foar. In fertsjinwurdiger fan de gemeente Wymbritseradiel hâldt in taspraak en leit in krâns. Ek pleatslike feteranen fan Libanon (1979) en Uruzgan (2010) lizze blommen.

Dan spilet de Fanfare inkele koralen en om 20.00 oere wurdt 2 minuten stilte hâlden. Ta beslút wurde 2 kûpletten fan it Wilhelmus songen. De 'Wurkgroep 4 maaie' wurdt stipe troch skoalle, fanfare, tsjerke en doarpsbelang.

DSC_1358


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt