Jongerein Nijefurd fiere aksje tsjin sluting keten
Koudum, Sneon 14 Augustus 2010, 23:59 oereOp it Frieslandlandplein yn Koudum waard freedtejûn troch jongerein aksje fiert tsjin it ketenbelied fan de gemeente Nijefurd. Goed 80 jongerein sammelen harren fanôf 20.00 op it plein. Hjirby waard it plein ôfsletten mei read-wite linten en fjouwer grutte spandoeken. Ek wie der in protte bier en lûde muzyk.
De gemeente is dwaande alle keten yn de gemeente te sluten. Guon keten binne troch de jongerein al fuort helle, om't oars in boete fanôf €1500 riskeard wurdt. Mei dizze aksje wolle de jongerein de gemeente sjen litte wa't der gebeure kin al alle keten ticht moatte. De aksje duorre oant 03.00 oere.
Besjoch yn de fideoreportaazje de aksje fierende jongerein mei ynterview mei Yke Luinenburg fan it ferwidere jeugdhonk by Dijkstra by Koudum en Maurits Hettinga riedslid foar Grienlinks.
Klik hjir foar alle foto's.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |



















