Jiskewolk fan fulkaan Yslân boppe Fryslân (update)
Wommels, Tongersdei 15 April 2010, 23:55 oereRegio- De jiskewolk fan de fulkaanútbarsting op Yslân is rűn 21.00 boppe Fryslân kaam. De ynternasjonale loftmacht oefening Frisian Flag op fleanbasis Ljouwert is tongersdeitemiddei stillein yn ferbân mei de jiskewolk. Oan de jierlikse oefening boppe de Noardsee soene 49 jachtfleantugen út ferskillende lannen meidwaan
Neffens de loftferkearslieding is it net mear ferantwurde om boppe Nederlân te fleanen. Derom gong fanôf 19.00 tongersdeitejűn it loftrom boppe Nederlân, lykas oare Noard Europeeske lannen ticht. Fleane troch de jiskewolk kin gefaarlik węze, omdat de motoaren út falle kinne.
Op it fleanferkear nei sil de jiskewolk wierskynlik net foar protte oerlest soargje. De jiskewolk sit yn hegere loftlagen, tusken de tsien en tolve kilometer hichte. Die loft kin net troch minsken ynademe wurde. Dat wurdt oars at it begjint mei reinen, mar de kommende dagen wurdt der gjin rein ferwachte
Der waard ferwachte dat tongersdeitejűn in bysűndere sinne-űndergong te sjen wie. Troch de jiskewolk soe de kleur fan de loft read kleurje węze. Troch de bewolking wie dit spitich genôch net it gefal. Boppesteande foto is op de Seedyk by Harns makken.
Sjoerd van der Veen út Koudum soe by de Warkumer bűtenwaard foto's meitsje fan de sinne-űndergong. Ek hjir wie it te bewolkt. Wol koe der in moai alternatyf meitsje.
![]() |
| Warkumer bűtenwaard |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |







.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










