Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Jellum-Bears ûntfangt Alvestêdekuierders mei koeke

Wommels, Freed 07 Maaie 2010, 13:12 oere
Jellum-Bears- Tiisdei 11 maaie giet de Alvestêdekuiertocht wer fan start. De rûte lâns de Fryske alve stêden wurdt yn fiif dagen rûn. Dêrfan steane op de earste dei de 49,5 kilometer fan Ljouwert nei Sleat op it programma. Ien fan de earste doarpen en gemeenten dêr’t de kuierders trochhinne komme, is it moaie Jellum yn de gemeente Littenseradiel.


Om de kuierders oan te moedigjen, krije se fan doarpsbelang Jellum-Bears en de gemeente Littenseradiel in koeke oanbean. Fan healwei achten ôf stiet Marijke Hoekstra fan Doarpsbelang mei in oantal helpers klear mei de traktaasjes krekt foarby it spoar yn Jellum.

Foar de gelegenheid wurdt der in spandoek ophongen mei de tekst ‘It rint sa’t it rint, mar yn Littenseradiel rint it it moaist’.


Gerelateerde artikelen
Wethâlders Snits partsje sop om oan kuierders


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt